Gjin beweging sûnder doel,
tichtby of yn de fierte,
de ien berikt it koel
en oaren yn de hjitte.
’t Waggelet, tripket, swimt en fljocht,
wat libbet dat moat frette,
de dei troch in gefjocht,
net altyd neffens wetten.
Einen, markols op ‘e grûn
krioelje om de krommen,
troch minskehân har jûn
om hjoed wer troch te kommen.
Miuwen bliuwe yn de flecht
en dûke om te heinen,
se fine harren echt
sa goed wol as de einen.
Mar noch heger fljocht it folk,
in stribjen sûnder remming,
noch yn in rôze wolk,
gjin weet fan de bestimming.
|