Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Besleine eagen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It bouwurk hat syn tiid hast hân,
gjin minskelibben hat it stien,
syn berte waard noch feestlik fierd,
de ingel sei, ’t wie yn it lân
fan stien in Simson, sterk as ien
dy’t Snitser seam mei eare siert.

Se hawwe him it sicht ûntsein,
mei hout bespikere elk rút,
in útstel foar de djippe fal,
lykas se stieken oan de ein
fan Simson him de eagen út,
mar rjocht oerein bleau noch syn stal.

Hoefolle sleept er mei yn ’t sok
dy’t no noch fleurich sjogge mei
besleine eagen, sûnder weet
fan ’t lot en ’t wrede ûngelok,
gjin sicht mear op in nije dei,
dochs nij wurdt berne út ‘e need.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum