Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bern ûnder reuzen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa kin de reuzen fan de wrâld ferslaan
dy’t meunsterlik ferrize
mei swarte tûken hjir en dêr,
se kinne oars net as har slach mar slaan
en siedzje swart sie mei ferdjer,
sadat de swaksten it ferlieze.

Se binne plante troch de moannegeast,
dy’t heal stie oan de himel
mei hjir en dêr in skiere stjer,
de planter woe it leafst it aldermeast,
mar ’t gie úteinlik hinne wer,
mei al dy tûken waard it grimel.

In oare geast briek troch de neare nacht,
dy’t út it neat wei plante
mei skeppingskrêft oeral yn ’t rûn,
ien kleare stjer sloech op in berntsje acht,
in beamke ljochte op op grûn
fan ’t fredesnijs nei alle kanten.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum