Hy stie der al sa’n fyftich jier
en wie der kommen mei de skoalle,
de beam dy’t bern beskôge ier
en let, fan fuotten oant de holle.
Ik ha him groeien sjoen, syn krún
kaam heger as de keunstplakette
mei bern dy’t yn har boarterstún
de wrâld nei harren holle sette.
Dochs hat de stoarm de rûne foarm
te pakken krigen en ferbrutsen
de bân fan beam en bern as noarm
foar wat men sjocht as ’t aldergrutste.
It aldergrutste is de groei
fan ’t libben lykas de plakette
mei foarm en kleur de eagen boeit,
ferlizzend tûzen kear de swetten.
|