Wit dat de skiednis sprekke sil 
fan trije reuzen yn it lân 
fan bosk dêr’t sy mei rûge foet 
de stappen sette en mei wil 
de balken brekke om ferbân 
te bringen oant de ein is goed.
  
Lit dan it Fryske bloed yn ’t blau 
hjoed brûzje troch de hiele lea, 
it wolkom sjonge yn Lauswolt 
foar trije reuzen yn it nau 
fan ’t koetshûs, dêr’t mei brea en bea 
it trio nei de ienheid dolt. 
Lauswolt, in state fan komsa, 
fan adel wie in rike hear, 
in Lycklama à Nijeholt; 
hy woe De Sweach as wenplak ha, 
de keten diene him net sear, 
syn hert wie mei blau bloed wol fold. 
De iene reus, dy’t boud hie mei 
wat balken oan syn earste slot, 
him spriek it blauwe bloed wol oan; 
hy tocht mei weemoed oan de wei 
fan hoe’t de liberale god 
syn wyske song op hege toan. 
De twadde reus mei ’t reade bloed 
beseach it ierdske libben oars, 
sa tusken spitkeet en Lauswolt, 
it rychjehûs foldie him goed; 
as motto hied er: pluk in roas, 
dan is in reuzehân gau fold. 
  
De tredde reus, wat lyts fan stal, 
fersette gau syn linkerfoet 
en kaam sa tusken harren yn; 
sa krige elkenien in rol 
te spyljen fan wat frij nei froed, 
fan blau nei read en myn nei dyn. 
Sa waarden reuzen maten yn 
Lauswolt, mar sûnder motto noch 
foar ’t folk fan rychjehûs en slot; 
doe, by in romer reade wyn, 
besongen sy ’t ferbûn en sjoch 
de bûnsgenoat betsjutte wat. 
Lit lang Lauswolt de eare ha 
fan ’t ljochtsjend reuzefisioen 
en ’t Fryske bloed tsjoch brûzjend op, 
wy gean op gouden tiden ta 
fan moarnsread oant de blauwe jûn, 
hjoed komt de trijekleur yn top! 
 
  |