Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de swalkers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By de skipsramp op 7 desimber 1929

Image

Wa’t lêst dit stoarmich tryst ferhaal,
fielt kâld it wetter oan de lea
fan wat by Burgum barde,
mar nea kin yn balladetaal
de djipte klinke fan de dea.

De dei begûn mei stoarmich waar,
de twirren streken weagen swart,
de mar stie hol by Burgum,
de reiden heinden baar nei baar,
mar yn de midden is it bard.

De ‘Twee Gebroeders’, djip fan stien,
koe ûnder seil de mar net oer,
dat motorkrêft soe slepe:
de ‘Harmonie’ en ’t skûtsje ien
fan sin en doel, mar net fan roer.

De weagen sloegen oer de kop
en brieken iepen kleed en lûk,
dat neat koe ’t ûnheil keare:
de stoarm oerstimde bang gerop,
de djipte eage as in spoek.

It skipperske rôp: ‘Rêd ús bern!’
De skipper is de roef yn gien
dêr’t weagen meunsters wiene;
hy koe fan fiif mar trije sjen,
de jongsten sonken mei de stien.

Mar noch wie ’t lijen net foarby,
de gyk sloech alle fiif oerboard
as proai foar kâlde meunsters;
de ‘Harmonie’ hold har yn lij
en rêde út ‘e djippe noad.

Fiif Zwervers kamen út ‘e dea
werom, twa bleauwen doe deryn,
de mar soe noch lang beare,
mar skippers farre foar har brea,
se swalkje troch mei waar en wyn.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum