Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de oer-boerinne

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa kin yn Fryslân Itte Groenhof net,
de Heidenskipster oer-boerinne,
hertsfreondinne fan har kij,
yn eigen ryk de keninginne,
libjend nei de regels fan har wet.

Se troude mei in knappe boeresoan,
har Marten, kundich op mear mêden,
farren siet him yn it bloed,
op mar en poel koe hy him rêde,
mar as minske bleau er deagewoan.

Image

It potlead lei him feardich yn de hân,
hy makke jong al tekeningen,
miste troch in mes in each,
wat net beheinde ’t kleuremingen:
Ieneach hearske yn it skilderslân.

Hy mong de ferve neffens ’t flakke gea
fan greiden, reiden, feart en puollen,
skilders lânskip wie gewoan
lykas de boer siet op syn tuolle
of fan ier oant let beskrepte ’t hea.

Image

De streken ferve stûken op it doek,
doe’t sykte him yn ’t lichem rekke,
skerper as it mes yn ’t each;
se koene net it plak bestekke
dat ferkleurjend him de dea yn loek.

Wa soe de leie doe yn hannen ha,
it wie allinnich de boerinne,
wurkjend foar har skoander fee
koe sy har libbensmoed wer winne,
deagewoan de wei nei foaren ta.

Image

De nije tiid woe grutter, hieltyd mear,
mar ’t fee fan Groenhof joech deselde
molke, heech yn kwaliteit;
it wie de mannichte dy’t telde,
dus sy molk doe foar de lêste kear.

Wa koe it libben yn It Heidenskip
beskriuwe lykas Speerstra’s pinne?
Wa fertsjinne ’t earste boek
yn ’t doarpshûs mear as de boerinne,
oermodel fan ’t lege polderskip?

Image

Se wrotte troch foar molkeleaze kij,
fernaam de swierte yn de skonken,
ruile pleats foar ’t sikehûs,
dêr’t yn beheindens fierten wonken,
want har beide knibbels waarden nij.

Mei krukken is se wer op hûs ta set,
de Heidenskipster oer-boerinne,
mei in eigen terapy:
de sûnens moat men sels wer winne,
libjend nei de regels fan jins wet.

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum