Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de hûnderttweintich hynders

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se rûnen tusken lân en see,
wol hûndertsechtich bisten,
in simmersk paradys, dat stee,
mar driigjend foar’t se ’t wisten.

De simmerwaarmte hearske lang,
de lânwyn aaide hoeden
de hynders, mar der wie gjin bang
fermoeden fan it woedzjen.

It woedzjen briek yn neare nacht
de simmerske idylle,
wa stie doe bûtendyks op wacht
en koe de swierte tille?

De hûndertsechtich woegen swier
mar swierder wiene stjitten
dy’t teisteren it earme dier,
in lijen net te mjitten.

De ein fan ’t lijen wie de dea
foar sechtjin dy’t ferdronken,
it eale rekke út ‘e lea,
it waard in hûd mei bonken.

Dy’t libjen bleaune, kloften gear
op’t rûne, smelle dykje;
se longeren op ommekear,
mar ’t soe der net op lykje.

De omkear dreunde tichterby
mei dûbel seis hearskaren,
it praat waard hjit, de die wie lij,
wol seisensechtich marren.

Doe rieden der seis ingels foar
foar mear as hûndertfjirtich bisten,
dy’t folgen harren feilich spoar,
der wiene foar’t se ’t wisten.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum