Groene Draeck, it skip fan wide see
mei trije mêsten en sân seilen
fleach as op ‘e wjukken fan in draak
oer hege weagen, om te fjochtsjen ree
foar heitelân en keapmans saak.
Njoggentich matroazen foar de feart
en tritich musketiers foar ’t sjitten
fan kanonnen bolderjend op ’t dek,
sa wie de Groene Draeck alhiel by steat
om ta te bringen kapers brek.
Foaroan spuide Groene Draeck it fjoer
as lieder fan it Maaseskader
brûzjend achter elke kaper oan
mei ’t each op dunen en de tsjerketoer
dêr’t rôvers sieten op ‘e troan.
Njoggentich matroazen foar de feart
en tritich musketiers foar ’t sjitten
foeren ek mei Kryst, op Aldjiersjûn
wylst langstme yn de holle herten skeat
as kûgel fan wol tritich pûn.
’t Needlot hat de Groene Draeck berûn:
in kûgel trof Piet Heyn syn libben
wylst er ’t skip befoer as admiraal
en doe’t de draak berûn de Sieuske grûn,
wie dat de ein fan it ferhaal.
Yllustraasjes út ‘De Groene Draeck’, skreaun troch W. Voorbeijtel Cannenburg |