Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de Gaustersyl

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken Snitser mar en ’t doarpke Gau
besylden skippers Gaustersyl,
in slúske foar in pream of skou
en folk mei yn de hannen yl.

Simen Skut of wie it Simen Slok,
dy nammen droech er beide wol,
hy hie it altyd like drok
as wachter mei it steile stal.

Want al wied er fan it drinken grou,
syn rêch wie rjocht, sels mei in slach
marsjearde hy, grutsk as in pau,
gjin slokje friet oan syn gesach.

’t Skipsfolk, altyd like gleon yn ’t liif
om gau te kommen troch de slûs,
beklonk de trochgong dat syn wiif
neat merke soe yn ’t wachtershûs.

Image

’t Wie op sneon nei Snitser Hurdsyldei
doe foer in tsjotter fan de mar,
oan ’t roer in feint mei swong en swaai,
mar wêrom naam er Gau foar kar?

Roekoepôle wie it silersstee
dêr’t ’t feintsje smoarfereale waard,
hy gie foar ’t Gauster famke ree
en rekke fan de rûtekaart.

Image

’t Feintsje dreau earst nei de Gaustersyl
en rôp fan fierren: ‘Lit my troch,
fan heech nei leech is net myn styl,
mar ‘k doch it foar myn frijster , sjoch!’

Simen Skut rôp: ‘Earst dyn namme, fint,
want earder komst net troch de slûs!’
It feintsje makke him bekend
as Frederik van Hoog tot Goes.

’t Wetter sakke doe wol trije foet
en Frederik, hy sakke mei
nei ’t peil fan ’t folk fan pream en kloet,
mar joech gjin stoer of slokje wei.

Foar de wyn besylde hy gau Gau,
belibbe tuten by de rûs,
mar ’t rûn mei modderkluten ôf
foar Frederik van Hoog tot Goes.

Stoere Gauster jonges skeaten fier
en rekken swurden, seil en fok,
de drek rûn út it kjimde hier
en ’t Snitser feintsje skeat in bok.

Kloetsjend foer er nei de slûs werom
mei seare hannen sûnder yl,
mar Simen hold him dôf en stom:
fan leech nei heech wie net syn styl.

Tusken ’t doarpke Gau en Snitser mar
leit Gaustersyl, mar sûnder slûs,
noch altyd klinkt de rop oer ’t Skar
fan Frederik van Hoog tot Goes.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum