Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Balansearje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De takomst fan in bern
is sûnder soarch fan mem
as balansearje
tusken blyn en sjen,
fersûpe of ik swim,
de ein riskearje.

Image

Sy is noch net sa lang in ein,
stiet al parmantich op it hout
har fet en moai te meitsjen.
Sy wit noch lang net fan de ein
en dat foar har it net fertroud
is sûnder mem te reitsjen.

Sy brieken koartlyn út it aai
en balansearje op it nêst
om stadich thús te reitsjen
yn de wrâld fan ’t markolskaai,
wylst âlders dogge harren bêst
it libben lang te meitsjen.

Image

Wat is dan noch te sjen
as yn de minskewrâld
it balansearjen
fan ferskate bern,
it iene jong al âld,
it oare fearjend.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum