It wie op in gewoane dei
mei skiere loft en keale strjitte,
dêr’t it âlde achte waard,
de kleuren wiene der ek nei
mei amper wjerskyn fan de grêft,
dat dêr in smelle beurtboat lei
mei tichte roef en sletten rom,
wat net goed paste by it aard
fan skippers, iepen foar de krêft
fan hinne en werom.
It wie op in aparte dei
fan krekt it eigen plakje mjitte
om te sitten by âld guod,
de kleuren wiene der ek nei
mei kleare wjerskyn fan de grêft,
dat dêr in hiele scoutfloat lei,
in iepen plak nei wat gesko,
de lytste hoegde sels net fuort,
wat joech de dei aparte krêft,
útrinnend op in show.
|