De wegen wiene fol mei flitsen
nei de striid op ’t racesirkwy,
it gie mei hûndert troch de bocht,
de motors gûlden, dat mei nocht
die Fryslân mei oan de TT.
It wie opmerklik dat in racer
lûdleas gie syn eigen wei,
fol ynspiraasje binnenyn,
yn harmony mei waar en wyn
naam hy in koerfol racefans mei.
Hy hie gjin lêst fan reade ljochten,
seach op elk obstakel del
en naam de sprong as wie it neat
oer Snitser mar en Houkesleat,
wat makke oare racers kjel.

|