It wie in sweven dat my dreau,
in heale foet mar boppe berm en dyk,
dreau ik troch gers en piipkrûd hinne
en ûnder ’t sweven sûnder gaslûd preau
ik swietrook fan in mêst of gyk,
gjin suchtsje lykwols wiisde mei derhinne.
Doe’t de holle riisde,
kaam de wolkpylk foar it ljocht
dy’t my de rjochting wiisde
nei de brêge dy’t ik socht.
Ik dreau deroer, in breedte fan
wol sechtich jier en seach it lizzen yn
de Aldfeart, wyt fan maitiidssinne;
it folle sweven hie my yn de ban
fan foet oant holle mei de wyn
yn ’t seil, mar sjoch, it jonkje wie allinne.
|