Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ald-learling

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In tiid fan tritich jier lei ’t byld
bedobbe ûnder laach op laach
en ’t bleau in ûnbewuste fraach
hoe djip oft it ferline fielt.

‘U zult niet weten wie ik ben,’
wie fan syn mail de earste sin,
ik dolde nei in fier begjin
om wer syn jongesbyld te sjen.

Ik krige him yn it fizier,
de eagen sprieken wille út,
syn fantasy fleach troch it rút
nei withoeheech en dreamend fier.

‘Jawis, ik wit noch goed waast bist,
miskien ha ik dy leger tocht
en net de hichte foar dy socht
dêrst sels it sinnich doel fan wist.

No fljochsto hiel de wrâld faak oer
en sprekst mei talen minsken oan,
in fêste koers fan hjoed nei moarn,
witst alles hat in dei en doer.

Nei tritich jier kaamst wer yn byld,
sa peilden wy elkoars ferhaal,
de hichte fan it ideaal
en hoe’t it each yn each echt fielt.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum