februari 1, 2018
fan George Morren*
fan Jenny Montigny**
Skientme glimket har faak ta;
mei help fan kaam en spegel
makket se har op… no sa,
it slagget yn de regel.
Hichte wint se troch de hoed,
yn harmony mei ’t stribjen
hegerop te kommen, goed
har dêryn yn te libjen.
Beide fiele, it is goed
om sa elkoar te reitsjen,
molke fan it eigen bloed
sil him ta keardel meitsje.
Hichte wint er troch har hert,
dat kloppet troch him hinne,
fan de skientme gjin ferlet,
se komme sa’t se binne.
* George Morren (1868-1941)
Pastel ‘Frou dy’t har hoed opspjeldet’
** Jenny Montigny (1875-1939)
Skilderij ‘Mem en bern’
november 14, 2024
november 7, 2024