Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn ôfwachting

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Der wie wol ’t kleare noarderljocht
dat op ferware muorren foel
dy’t oantaast wiene troch de tiid,
mar dat tafriel waard net oan tocht,
de skilder socht in flitsend doel.

De ezel leunde achteroer
en steunde sa it lege doek,
in frjemde wrâld noch wyt en wiid,
mar dat tafriel joech him gjin moer,
hy makke fan dat ark gebrûk.

De skilder stie noch yn bestân
en wachte op ‘e flits, dy tel
dat it mystearje yn him glied
en trochkroep nei syn rjochterhân,
dan streke hy it streekrjocht del.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Skilder yn syn atelier’ 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum