september 10, 2025
fan Francisco de Goya*
Sy wie noch jong, har rêch wie rjocht
om oeral sjen te litten
dat har stal der wêze mocht.
Sy wie al âld, har rêch wie krom
fan wat de jierren brochten,
mar wat joech in oar dêrom?
Har stôk wie rjocht, sy folge ’t spoar
fan har bedoarne dochter,
dy’t oan mem joech gjin gehoar.
Sy koe net mear, wie dea-oanein
en stoar, wie gau fergetten,
oer har mem waard neat mear sein.
It wie har mem, de stôk bleau oer
om oan har nei te litten,
’t wie har lot ek op ’en doer.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Mei God har ferjaan, it wie har mem’
Print 16 út ’e searje ‘Los Caprichos’
augustus 21, 2025
juli 3, 2025