fan Ford Madox Brown*
It wie in drokte fan belang
yn London-Hampstead, want de strjitte
krige yn de grûn rioel
foar lju fan stân en rang,
sa liet de boargemaster witte.
De wurkers wennen yn in wyk
dêr’t alle smoargens kaam op strjitte,
dat it waard in modderboel,
’t ferskil fan earm en ryk,
de boargemaster woe ’t sa litte.
Hy siet op ’t hynder, seach it oan:
‘Ik bin kontint mei hoe’t se switte,
’t rint wol fuort, dit wurket skoan.’
De filosoof mei brune hoed:
‘Foarearst kin ik der net mei sitte,
smoargens streamt mei yn ús bloed.’
De blommefrou yn skurve klean:
‘Ik snap it net, elk moat wol skite,
wat deryn komt, lit it gean.’
It jonkje hat in eigen plan:
‘Lit harren mar mei modder smite,
‘k meitsje der in bulte fan.’
* Ford Madox Brown (1821-1893)
begûn mei it skilderij ‘Arbeid’ yn 1852
en makke it net earder ôf
foar’t er in keaper hie (1865).
|