Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wrâldsk bestel

Keunst
PDF Print E-mail
fan F. Boulanger*
fan Jean-Baptiste De Jonghe**

Image

De ieuwen troch is ’t yn de hichte gien
mei tsjerke, katedraal, abdij,
se wiene dêryn ien en mien,
it heil fan Wurd en koar bleau nij.

De swarte froulju mei de wite kap
beskôgje ’t heil no fan it plein,
elk hat in miening, stap foar stap
sil ’t hjoed wer nei de kreamkewein.

De wein rydt jûn wer fuort, it plein wurdt leech,
sa giet it yn it wrâldsk bestel,
lykwols de katedraal bliuwt heech,
it heil jout him perfoarst net del.

De ieuwen taaste ek de muorren oan
fan tsjerke, katedraal, abdij,
it Wurd is op dat plak ferstoarn,
it koar leit der earmoedich by.

De hoeder hat de keppel binnenbrocht,
syn hûn jout him hjoed noflik del,
de skilder boartet mei it ljocht,
sa is de tsjerke noch yn tel.

Image

* F. Boulanger (1819-1873)
wie in Belgyske skilder fan stedsgesichten.

** Jean-Baptiste De Jonghe (1785-1844)
wie in Belgyske lânskipsskilder.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum