december 3, 2020
fan Vincent van Gogh*
Gjin sprake fan in drokke jûn,
de lange dei hie bannich west
mei wurk dat briek de wurge lea,
sy wiene oan it wiffe libben bûn.
Jûn spriek de stilte harren ta
yn ’t rûzjen fan de Rhônestream,
dy’t kronkele troch stêd en gea:
‘Jim sille op ’e grûn de hichte ha.’
Sy rûnen by it wetter lâns
as wie ’t bestean op slach in dream,
gjin wurk mear foar it deistich brea:
‘Jim krije fan de hichte kâns nei kâns.’
Oan stjerren waarden wjukken bûn,
se kamen út ’e hichte wei
as ingelkoar, dat song as ea
yn Betlehem: ‘It wurdt jim jûn noch jûn.’
De Rhônespegel liet har sjen
de kleare ljochten fan de stêd
as paden nei it lok as nea
tefoaren: ‘Trochgeand libben mei it bern.’
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Stjerrenacht boppe de Rhône’
november 14, 2024
november 7, 2024