Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winter oan de feart

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan van de Cappelle*

Image

It pleatske lei ferskûle oan de feart
sa tusken tûken en de ierde;
dêr op ’t droege stie in lekke boat
om oan wa’t kaam yn hege need
in lij en feilich skûl te bieden.

Dy middei joech it winterwaar him bleat,
it snijde, doe briek troch de sinne;
mei feroare hiel it nearzich oard
op skildersdoek yn ’t ljochte kleed
sa’t keunstners dat goed werjaan kinne.

It boerefolk kaam bûten, wol by steat
de kjeld mei wollen klean te kearen;
mem stie mei de hannen yn de skoat,
wylst heit hie ’t skouspul daliks beet:
syn soan soe ’t iis gau útprobeare.

De boer syn hannen stiene net ferkeard,
de jonge kriich sa’n oplawibus
dat hy moast fluch nei de lekke boat;
sa kaam der earst in sêfte skeet,
doe waard de snie in brune gribus.

* Jan van de Cappelle (1626-1679),
dy’t himsels it skilderjen oanleard hie,
wie betûft yn winterlânskippen
en it werjaan fan de see.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum