januari 7, 2021
fan Jacob Abels*
De jûn loek stadich nei de nacht,
wylst de rivier lei stil te blinken,
om’t de wyn him deljûn hie;
net alle seilen wiene strutsen,
om’t der noch in suchtsje stie.
Wa hie de wiisheid jûn yn pacht,
de fisker foar syn brea en drinken?
Wiisheid… wat er opdien hie
fan fisk, de kop yn ’t netwurk stutsen,
foardat hy oan ’t lûken wie.
Oars as de skipper op syn jacht,
romantysk driuwend op ’e winken
fan in twirke, dat wat hie
fan ‘dyn betsjoening wurdt ferbrutsen
as mear wyn oer ’t wetter giet’.
De wiisheid slacht op beide acht,
wol fisker en ek skipper skinke
fan syn oerfloed, sa’t ien gie
foar ’t netwurk en de oar net strutsen
hie, mar folge stille rie.
* Jacob Abels (1803-1866)
Skilderij ‘Wiid rivierlânskip mei sylboat’
november 14, 2024
november 7, 2024