Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wiffe muorren

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emanuel Murant*

It fjoer fret wat de minske boude
as beskerming foar ’t bestean,
hy kin net troch de jierren gean
mei muorrefêste wissichheid
sa’t hy as bern fertroude.

Image

Hy boude gjin fortifikaasje,
hie fan oarloch noch gjin weet,
mar troch it wapenfjoer gie ’t need:
de muorren brieken, wissichheid
ferlear fan frjemde naasjes.

Doe boude hy in plak foar bisten
dy’t hy sa beskermje woe
tsjin fijân waar en wyn, mar hoe
koe hy it himelfjoer ferslaan
dat pleats en bist net miste.

Image

De tiid fret fierder oan de muorren,
wylst de minske libbet noch,
want syn bestean giet tiidbûn troch,
kin wissichheid noch wille jaan,
de jeugd hat mar koart duorre.

* Emanuel Murant (1622-sirka 1700)
waard berne yn Amsterdam en stoar yn Ljouwert.
Hy is bekend wurden as skilder fan doarpsgesichten.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum