fan Thomas Cole*
Hoefolle riken binne ûndergien
troch ’t hege moed fan dy’t de macht
ferspraten oer de ierde?
Se brieken as in muorre, stien nei stien,
fersonken yn de neare nacht
en hiene ’t minskdom neat te bieden.
Sjoch hoe’t de reus stekt op it swarte skyld,
in Pers, in Gryk of in Romein,
se strieden foar itselde:
it hechte fûnemint foar ’t heechste byld,
sa waard de hiele wrâld ferslein,
it wiene macht en jild dy’t telden.
Sjoch hoe’t ek hjoed de reus syn dollars telt,
wat duorret al twa ieuwen lang,
dêrby syn arrogânsje;
hy seach himsels as net te brekken held
en kroep de wrâld troch as in slang,
lykwols syn macht is gjin garânsje.
Want sjoch, elk ryk sil ienkear ûndergean
dat net syn eigen flaters telt,
de skiednis hat dat boadskip bean.
* Thomas Cole (1801-1848),
in Amerikaan fan Ingelske komôf,
hat ‘De syklus fan it keizerryk’
yn in searje fan fiif skilderijen werjûn,
‘Ferneatiging’ as lêste.
|