Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twa spegels

Keunst

 

PDF Print E-mail
fan Jan Ekels II*
fan Johannes Hari I**

Image

Skerp wol er ha syn pinne,
want dat skerpet ek syn taal
foar hjoed noch yn in glêd ferhaal,
sa’t hy dat kin, allinne.

Skerp sjocht er yn de spegel
syn gesicht, hy wit, it kin
wêr’t hy fan dreamde al as bern:
syn rom riist hieltyd heger.

Syn keamer hat gjin muorren
mear, hy skriuwt de wrâld te ryk,
is oan in goadesoan gelyk
en blaast heech fan de tuorren.

Syn wurkplak leit yn ’t finster,
foar de boargers goed te sjen,
sadat de hiele stêd him ken
as ’t baaske fan de glinster.

Glêd wol er ha it skuonlear
as in spegel foar de broek,
de boarstel earst en dan de doek,
sels is er gjin mynhear.

Image

* Jan Ekels II (1759-1793)
wie in learling fan syn heit.
Syn skilderijen fertelle faak
in ferhaal.

** Johannes Hari I (1772-1849)
wurke û.o. as hôfskilder.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum