Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tuskenyn

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Adam Kruseman*
fan Willem Bartel van der Kooi**

Image

Se hat it measte al belibbe,
is de âldste suster, slagge yn
de leafde, druiwend op ‘e wielde
fan it eale, rike skaai;
oant no ta giet it foar de wyn,
omdat sy út har skientme dielde,
nachts en hjoed op ljochtskyndei.

Hy is de jongste fan de trije,
hie wol trije memmen, no noch twa
dy’t op it lytse broerke passe,
sizze wat er moat en mei,
mar hjoed sil hy syn suster ha,
it mealt him hieltyd yn de plasse:
skriuwe sil er en dêrnei…

Image

Sy sit dertusken, as de twadde
yn ferdrukking, dus it minst en lêst,
mar hjoed kin sy berjocht ferwachtsje
of himsels, sa’t er earst sei;
se heart in doar, it is him fêst…
it jonkje mei… soest him net slachtsje…:
‘Hjir dy brief en dan hjirwei!’

* Jan Adam Kruseman (1804-1862)
wie yn it foarste plak portretskilder
en krige sels opdrachten fan it hôf.

** Willem Bartel van der Kooi (1768-1836)
wenne yn Fryslân en waard bekend om
syn figuerskilderijen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum