Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjin de reek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Se hat twa parasols,
it is mar wêr’t se hinnegiet,
in witenien dy’t oansjen biedt,
foar ’t eigen folk in grienenien.

Image

De flaggen jouwe oan
in feestlik barren op it wiet
dat foar de naasje oansjen biedt,
mar ek foar har… in witenien.

Wêr giet it hjoed op ta
mei wolken reek yn plak fan ’t seil,
sy sjocht dêryn gjin inkeld heil,
yn plak fan wyt sa griis as stien.

In kuier mei har soan
en útlis oer wat bloeiend is
en bliuwend, foar it minskdom wis,
fansels past hjir in grienenien.

‘Sjoch nei de wolken, wyt
yn plak fan griis, gjin reek dy’t driuwt,
it is it sinneljocht dat bliuwt,
dus dêrom dizze parasol.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Strânterras fan Sainte-Adresse’
Skilderij ‘De kuier. Frou mei parasol’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum