fan Claude Monet*
fan Eugène- Louis Boudin**
fan Georges Pissarro***
It daget nei in kleare nacht
mei skiere walen út it wiet,
de sinne, no noch sûnder macht,
brekt troch en spegelet hoe’t it stiet.
De skippen lizze dûbelfêst,
oan kaden en yn kâlde mist,
se stekke yn it read de mêst,
wylst ier de seeman kisten rist.
Mar as de sinne heger riist,
ferskoot syn ljocht fan wolk nei wolk,
it is ’t lazuer dat klear ferwiist
nei ’t hege feest foar hiel it folk.
Dan binne kisten net yn tel,
mar stekke mêsten flaggen út
en meitsje fluiten ’t feestfolk kjel
mei ’t bringen fan in earsalút.
It jûnsljocht sakket nei de grûn
en strykt it wetter yn de tint
fan sa’t it waar ûntjoech him sûn
oerdei en kleur oan djipte wint.
De skoarstiens blaze noch de stoom
út nei in lange, hjitte dei,
it lêste fluitsjen doarmet loom
oer ’t wetter, wiist de nacht de wei.
Trije ympresjonistyske skilders:
* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Ympresje, sinsopgong’
** Eugène-Louis Boudin (1824-1898)
Skilderij ‘Sylskippen yn de haven fan
Trouville-Deauville’
*** Georges Pissarro (1871-1961)
Skilderij ‘De haven fan Rouen’
|