fan Abraham van Strij*
Silenus, neaken op it taffelskleed
mei lytse Dionysos yn syn earmen,
letter god fan wyn en keunst,
as jonkje by syn master yn de geunst,
sa kaam it alles oan de weet.
De master, leunend op syn gongelstok,
besjocht it byldzjend spul fan beide kanten,
fan it gips nei it papier,
foar ’t jonge tekenfeintsje yn it spier,
sa liedt er him ta keunst en lok.
Mar op it donkerbrune tegelkleed
besjocht it broerke ’t spul fan alle kanten,
fan de gipskont oant de stok;
de tromme is ferbean fan master Bok,
dus hâldt it no it mooltsje beet.
* Abraham van Strij (1753-1826)
bleau yn de styl fan de skilders
fan de santjinde ieu. |