Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sweedske ienheid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johan Gustaf Vasa*

Image

Gustaaf Vasa hie ’t der wol foar oer,
de reis nei ’t Sweedske noarden,
dêr’t de wolken hongen swier fan snie,
hysels wie lang al út ‘e rie:
it gie him om de jager, fisker, boer
dy’t libben yn in frije oarde:

‘Mannen fan Dalarma, sjoch it yn
hoe’t jim yn frijheid libje,
wylst de Denen kamen as de snie
sa machtich, wiske troch de wyn,
ik rop de frije boargers ta de die,
sa sil dit lân nei ienheid stribje.’

Jager Valle hearde ’t wifkjend oan,
syn jachtgebiet lei heger
as it plak dêr’t Gustaaf Vasa stie.
‘Giet heit ek?’ frege Lars, de soan.
‘Ik sjit it leafst allinnich yn de snie
en ha it net sa stean op ’t leger.’

Gustaaf Vasa, jager, fisker, boer,
it leger foar hiel Sweden
teach manmachtich nei it suden op
en joech de Denen op ‘e kop,
dat kening Gustaaf hie ’t der wol foar oer:
de ienheid fan it lân yn frede.

* Johan Gustaf Sandberg (1782-1854)
skildere op ‘e muorre yn de katedraal
fan Uppsala in episoade út ‘e skiednis
fan Sweden: de striid tsjin de Denen
om 1520 hinne.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum