fan Jean Thomassen*
Yn ’t ûnderierdske hat se lein
as mummy yn in djippe sliep
al fan de âldste tiden ôf,
se gong doe troch as kreaze frou
fan farao, in nuveraardich type
fan gjin begjin en ek gjin ein.
Se hie in kistke fan de wei
fan hjir en dêr, fan no en doe,
fan beide hong de takomst ôf,
sa sei it libben fan de frou
of wie ’t de dea dy’t ek wat sizze woe?
Ynienen kaam de ommeswaai.
Fan dêr nei hjir, fan doe nei no,
it krúspunt spriek fan hjoed de dei…
set elkenien it masker ôf?
De fraach kaam fan de wize frou,
dy’t wis wie fan: dit is de wei,
wat iepen leit, wit fan gjin ho.
* Skilderij ‘Crossroads’ |