januari 18, 2018
fan Ildephonse Stocquart*
fan Hermanus Koekkoek**
Men kin nea witte, mar wol fiele
mei wat help fan each en ear
hoe oft it waar him oanjaan sil,
’t gefoel jout oan: rap yn de wear,
der is stoarmwaar op til.
It fee op ’t lân is ek besiele
mei wat jeiend komme sil
en stiet balstjurrich foar it stek,
’t gefoel jout oan de eigen wil
dy’t lûd komt út ’e bek.
Sa kinne fee en minsken diele
soargen oer it rûge waar,
dat har nei de beskutting driuwt,
dochs driget it gefaar
dat ien bist achterbliuwt.
Nei ’t westen ta, in oere rinnen,
swypket wyn it wetter op
ta meunsters, bearend om de bút,
op elk bist sit in wite kop,
wat slút it flechtsjen út.
* Ildephonse Stocquart (1819-1889)
Skilderij ‘Op ’e flecht foar de stoarm’
** Hermanus Koekkoek (1815-1882)
Skilderij ‘Stoarm op ’e Easterschelde’
november 14, 2024
november 7, 2024