fan Pieter Claesz*
Wêr is de minske dy’t hjir siet
te lêzen yn de almanak?
In man of earder frou, wat wie
’t mystearje fan dit plak?
De knypbril paste ’t bêst de frou,
sy stiek de lange kears ek oan
en sloech de Bibel iepen, trou
oan ’t alledeisk patroan.
Sy lies it haadstik fan de frou
dy’t kening Saul de wierheid sei:
op ’t striidfjild kaam er yn it nau
en stoar op ljochtskyndei.
De kears stie foar de helte noch,
sy naam in slokje fan de wyn,
doe blêde se dat boekje troch,
mar gie der net op yn.
Nei’t sy it plak ferlitten hie,
kaam hoeden foar it ljocht de man;
mei kears en bril gau út ‘e rie,
foar him in lêshelp span.
Mar bibeltekst en almanak,
dy beide spanden tsjin him gear;
hy fielde him net op syn plak,
ferlear mei Saul de ear.
Hy sloech de Bibel klappend ticht
en swolge fan de wite wyn;
de almanak bleau foar it sicht,
’t mystearje stie dêryn.
* Pieter Claesz (1597/1598-1661)
waard berne yn Burgsteinfurt,
mar ferfear letter nei Haarlem,
dêr’t er de keunst fan it stillibben
beoefene.
|