fan Winslow Homer*
It nije lân wie as in bern,
natuerlik lykas berch en greide,
yn de fierste fierte neat te sjen
wat nei it minskdom skaaide.
Dan klinkt de seage, sjoch de beam
falt foar de opbou fan de naasje:
yn feriene steat de griene dream,
wurk foar ferdivedaasje.
Sy hawwe leard foar ’t boartersskoft
en stekke út de beide hannen,
drave, hâlde fêst, yn sleep en kloft,
no jonges, letter mannen.
Al pubers, mei de sloep fan heit,
oan board de wylgetienen fûken,
stilte dy’t in goede fangst foarseit,
earst fiere, letter lûke.
Feriene krêft yn dizze steat
sil pubers grif folwoeksen meitsje,
lykwols as de man it spul ferleart,
sil hy út lykwicht reitsje.
* Winslow Homer (1836-1910),
in Amerikaanske keunstner,
skildere bern as symboal
fan de earste perioade
fan de Feriene Steaten.
|