Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Slach by Waterloo

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Willem Pieneman*

Kin Waterloo wol op it doek,
in slach as ’t rôljen fan de see,
de iene sjarzje nei de oare?
De skilder, kreatyf en tûk,
bout earst in grutter atelier.

Image

Mar ’t mânske doek, goed fiif by acht,
lit net de oare side sjen,
Napoleon syn machtich leger
dat flechtet yn de neare nacht,
de keizer hat de slach ferlern.

Hy stiet wol op it skilderij,
de kroanprins fan ús Nederlân,
mar oan de kant en licht ferwûne,
hy wie as held der gloeiend by
en holp syn maten út ‘e brân.

Kin ’t oars as yn it middelpunt?
Dêr sit er, hartoch Wellington,
mei rjochte rêch heech op it hynder,
syn sege liedt noch ta in stunt:
Helena foar Napoleon.

Image

* Jan Willem Pieneman (1779-1853)
makke fan de slach by Waterloo
in skilderij fan 567 x 836 cm.,
dat kocht waard troch kening Willem I
foar syn soan, de lettere kening Willem II,
dy’t as kroanprins meifochten hie.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum