Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skowende tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*
fan John Sell Cotman**

Wat skinkt de sinne oan de see
oars as de kleuren fan de loft,
dy’t duorje nea in skoft
en toevje net op ’t selde stee.

Image

By ’t rizen fan it grutte ljocht
sprekt noch de dize fan de nacht,
dy’t joech de boaten fracht,
by ’t kâlde toevjen fiskersrjocht.

Sy bringe boat en fisk oan ’t strân,
in hoeden kleurjen fan de moarn,
en sterk wurdt al de toan
as fisk giet rap fan hân nei hân.

De folle tiden toevje net
as folgen sy de loft en see;
foar ’t nachtwurk net mear ree,
ha sy de boaten heger set.

Image

* William Turner (1775-1851)
makke skilderijen mei atmosfearyske effekten.

John Sell Cotman (1782-1842)
wie mei brede kleurflakken en krêftige foarmen
syn tiid fier foarút.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum