fan Aleksander Ortowski*
Lit my ’t hawwe oer myn heitelân
dat ieuwenlang beneare waard,
’t manmoedich Poalen,
dat de fijân faak stiek yn de brân
en fage fan Europa’s kaart,
it blette troch syn boalen.
Lit de oprop klinke oer it gea
fan held Kosciusko: ‘Kom en striid
tsjin Rus en boalen,
foar de frijheid fan ús geast en lea,
dan daget moarn in oare tiid,
lang libje ’t fjochtsjend Poalen!’
Dus ik ruile kwast foar it gewear,
de ferve foar patroan mei krûd
en ha doe fochten
as in liuw tsjin Ruslâns wolf en bear,
mar moed ferdronk yn streamen bloed,
’t wie dreger as wy tochten.
Dus ik ruilje myn gewear foar kwast,
de ferve komt yn plak fan krûd
en ûnferhoalen
striid ik strikend op myn skilderspost
de slach dy’t west hat, mar nei hjoed:
lang libje ’t frije Poalen!
* Aleksander Ortowski (1777-1832)
focht mei yn de slach fan 1801
en lei dy mei akwarelferve fêst op doek.
|