Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skilder Lukas

Keunst
PDF Print E-mail
Image

fan Maerten van Heemskerck*

Wa hat witten, Lukas, datsto skilder wiest,
do bist foar ús evangelist,
dy’t skreau oer hoeders, ingels en it bern
datst yn in krêbe sliepe lietst,
mar wy ha dy as skepper mist
fan ’t byld dat elkenien wol ken.

Lukas, suggerearrest datst Marije en it bern
besteld hast yn dyn atelier?
Do makkest ús net wiis, it wie in geunst
dat sy yn kleuren kamen en
do joechst fergees har byld, wolnee,
der wie gjin joadske skilderkeunst.

Skilder Maerten hie de bakker as model
dy’t syn pinseel op ’t berntsje lei,
dêr’t mem en buorfrou ris mei pronkje woe,
want op paniel wiest wol yn tel;
foar ynspiraasje kaam noch mei
har man dy’t Joazef wêze koe.

Image

* Maerten van Heemskerck (1498-1574)
makke yn 1531 ‘Sint Lukas de Madonna
mei Bern skilderjend’ foar it alter
yn de Sint Bavo te Haarlem.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum