fan Viktor Vasnetsov*
De driging hat der altyd west:
sân koppen, fjirtjin tongen,
fan de oarloch oant de pest,
dy’t boppe bleate hollen hongen.
De strider hat der altyd west
mei pânser, swurd en grime,
hold oan ’t faaie libben fêst,
syn moed en swurd ha sân kear flime.
Ut noard en east en súd en west
bedriigje tûzen koppen
’t libben, rinnend op it lêst
sa’t liket, troch gjinien te stopjen.
Wêr binne lieders yn de striid
mei ’t skot fan ynspiraasje?
Koppen falle mei de tiid
en ’t faaie libben kriget faasje.
As wie it inkeld mar foar har
dy’t stiet foar tûzen fammen
mei in libben yn de war…
sjit ta mei striid en siel, ferjamme!
* Viktor Vasnetsov (1848-1926)
Skilderij ‘Dobrynja Nikititsjs striid
mei de sânkoppige draak’
Skilderij ‘Aljonoesjka’ |