fan Marcus Pernhart*
Marcus stribbe nei de hichte
yn ’t bestean, mar koart
ferlike mei de ivichheid,
want wa’t net klimme doart,
bliuwt altyd yn de lichte.
’t Lânskip liet er kleurich sprekke
op it doek, faak heech,
al rikkend nei de ivichheid,
en bûten liet er ’t each
troch snie en gletsjers brekke.
Acht kear hat er him beklommen,
stap foar stap de klok
op, tikjend yn de ivichheid,
en fielde nei de skok
him op ‘e top ferromme.
* Marcus Pernhart (1824-1871)
wie skilder en berchbeklimmer
en bylde de natuer en kultuer
fan Eastenryk op unike wize út.
Skilderij ‘Utsicht op de Grossglockner’
|