Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rêding by skipbrek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Joseph Mallord William Turner*

Image

Gjin opdracht wie de man tefolle,
Turner socht it op ‘e rûge see
mei swiere stoarm en wylde weagen
dy’t him stieken nei it heechste stee,
bewûndere troch keunstners eagen.

Hoe koene seelju harren holle
boppe wetter hâlde as de brot
fan hout en seildoek net mear kearden
’t bearen fan de gaos, ’t djipste lot
fan hûnderttûzen drinkeldeaden?

Mar dochs wie dêr it hillich wollen
fan de fiskers mei de hân oan ’t roer
dy’t net nei ree of haven kearden
as der ek noch ien yn ’t skomjen oer
wie om de minske heech te earjen.

Gjin eare wie de man tefolle,
Turner swalke as in skildersgod
oer rûge seeën dy’t him fierden
nei de djipte fan it minskelot
of op ‘e top fan heldedieden.

* Joseph Mallord William Turner (1775-1851)
wie in skilder mei in grut fisueel ûnthâld.
Hy stribbe nei in plak ûnder de masters
yn de skilderkeunst. Twa jier lang hat er wurke
oan ‘Rêding by skipbrek’ (171,5 x 241,3 sintimeter).


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum