Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Read ideaal

Keunst

fan Gelij Michajlovitsj Korzjev*

Hy leaude fêst yn ’t ideaal
dat rûnom wappere yn ’t read
fan deagewoane minsken
dy’t wrotten foar it deistich brea…
hy die grimmitich syn ferhaal:

‘Wy rûnen oer it grize plein
fan rûnom noch de âlde macht,
it wie ús demonstraasje
fan hjoed sil ’t wêze, no of nea,
dêr wie it lykwols net mei sein,
want ek it findel dat ik droech,
joech oan ús striid foar ’t ideaal
dat deagewoane minsken
rjocht hiene op mear as de lea
dy’t ûnder ’t âld rezjym swier woech.
Ynienen klonk de earste knal,
dy’t folge waard troch folle mear
foar deagewoane minsken,
dat oeral ware rûn de dea,
it resultaat wie fal nei fal,
ik pakte rap it findel op,
dat kleure as ’t fergetten bloed
fan deagewoane minsken,
in teken fan opstiene lea,
dy’t hearre lieten harren rop.’

* Gelij Michajlovitsj Korzjev (1925-2012)
Skilderij ‘de findeldrager’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum