Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rare wrâld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paul Delvaux*

Image

Hy frege him al jierren ôf:
hoe sjocht de wrâld der einliks út?
Mei lykwicht tusken man en frou
of is de ien de oar ta bút?

Hy gie manmoedich derop ôf,
mar moast him yn it neaken jaan,
net dúdlik noch oan watfoar frou,
wat stie him yn de wrâld te dwaan?

Gjin frou sloech op syn bleatens acht,
de eagen giene troch de hûd
as hie de dea har yn de macht,
’t benaam him suver alle moed.

It libben wie gjin suver spul
sa tusken froulju fan de wrâld
mei ’t boarst bleat oant syn eigen mul,
se stoarren troch, it liet har kâld.

Hy frege him yn wanhoop ôf
oft hy as man allinne stie,
de oaren taalden nei gjin frou,
gelyk hie elk, mar sûnder die.

* Paul Delvaux (1897-1994)
ûntdekte yn 1932 it Spitzner Museum,
in rariteitekabinet te Brussel
mei as gefolch in oare styl fan skilderjen.
Skilderij ‘Musée Spitzner’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum