Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Prinslike merkefierders

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hendrik Pothoven*

Image

De Haach as residinsje
fan steedhâlder Willem V
joech alle jierren op ‘e merke
wille foar de man, syn wiif,
prinsesse en twa prinskes.

In krúske op ‘e brêge
wie it wolkom foar it folk
fan bûten, bearen en ek apen;
balte, beare sûnder tolk,
elk woe in gokje weagje.

De prins hie gjin pretinsje
op ‘e merke fan De Haach,
stie stil by alle willetinten,
stelde hjir en dêr in fraach,
want hy wie ek in minske.

De apen en de bearen
droegen ek in broek of jas,
sadwaande wie de maaiemerke
foar de prins en ’t bist te pas,
want elk kin keunstkes leare.

* Hendrik Pothoven (1725-sirka 1795)
makke portretten en topografyske skilderijen.
Dit skilderij krige de omskriuwing
‘De steedhâlderlike famylje op ‘e Haachske
merke op it Bûtenhôf’.  

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum