fan Rembrandt van Rijn*
Hy wie doe seisentweintich,
seach troch âlde manlju hinne,
lei dy fêst yn streek en kleur
sa’t folle grize koppen binne,
swier fan tinken, gjin geseur.
De smelle kop fan Paulus
bûcht foaroer, net om de siele
bleat te jaan oan wa’t dêr sit,
mar om folút te redendielen,
om’t er Kristus’ skiednis wit.
De keale krún fan Petrus,
klear om daliks op te spatten
foar in libbenswier replyk,
fertelt de soarch fan hillich moatten,
want mei Kristus gjin ûntwyk.
Mar beide ha foar hannen
skreaune wurden om te dielen,
’t iene part foar Paulus’ brein,
it oare diel foar Petrus’ fielen,
dêrmei is dan alles sein.
* Rembrandt van Rijn (1606-1669),
skilder fan it ljocht,
wist op sprekkende wize
de âlderdom út te byldzjen
op it doek mei de namme
‘Twa disputearjende âlde manlju’.
|