fan Antoon van Dyck*
fan Alberto Giacometti**
Finzen sit er yn de list
lykas yn syn parochy
dêr’t er is mynhear pastoar
dy’t libbenslang de leafde mist,
as kompensaasje ’t tsjerkekoar.
Weardich sit er yn ’t habyt
mei ’t rôze om de nekke,
kenber as mynhear pastoar,
mar ’t bluodrich read rint oer yn ’t wyt
fan ’t each as wie de man dy oar.
In oar, mar net oan dy gelyk,
sa tin as om te brekken
blykber, inkeld foar de foarm;
syn stal rint oer fan dynamyk,
mei ’t each op frijheid is syn noarm.
* Antoon van Dyck (1599-1642)
waard berne yn Antwerpen.
De lêste tsien jier fan syn libben
wied er hofskilder fan kening Karel I
fan Ingelân.
Skilderij ‘Portret fan Cornelius Nutius’
** Alberto Giacometti (1901-1966)
waard berne yn Switserlân en wurke
sûnt 1922 yn Parys.
Hy makke de lêste tweintich jier
fan syn libben tinne figueren.
Byld ‘Rinnende man’
|