Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op hûs oan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Molijn*

Image

Wie it skilderij te grut
dat beammen toppe binne,
meters dunen foelen fuort?
De see koe ’t lân berinne
mei it flymjend mes troch ’t sân
dat rul rûn oer de râne,
stode op ‘e wyn oer ’t lân
en kaam ferkeard telâne.

Mar it folk fûn dochs syn paad,
rûn nei it wurk wurch hinne
fan de sinne nei it skaad
fan toppe beammen, ’t minne
teken dat it rôversfolk
wach wachte op ‘e karren
mei de fûst al om de dolk,
noch efkes, dan soe’t barre.

Rûn de foarste mei de lâns
of wie ’t in swurd dat swaaide?
Hie it thúsfolk noch in kâns
dat see- nei lânwyn draaide?
’t Swurdstiel flime op ‘e wyn
en hat de rôvers toppe,
teken fan de stap deryn,
mar sjoch dan net nei boppen.

* Pieter de Molijn (1595-1661) ,
berne yn Londen út Flaamske âlders,
ferhuze letter nei Haarlem,
ien fan de sintra fan de Nederlânske skilderkeunst
yn de santjinde ieu.
Dêr skildere er foaral lânskippen,
faak nei itselde patroan.
Fan it skilderij ‘Op hûs oan’
is boppe en links in stik ôfsnien.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum