Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op- en delstap

Keunst

fan Giuseppe Maria Crespi*
fan Jean-Louis Théodore Géricault**


Har romte liket net sa rom
mei oanrjocht, kast en planken,
se is mar lyts, de rêch wat krom,
har rjocht op heger is te tankjen
oan de opstap en har eigen wil.

De keuken leit har nei oan ’t hert,
dat kloppet foar it bêste,
wat sy foar it folk op tafel set,
sy komt it earst en stapt as lêste
op, dan wurdt it yn har romte stil.

De hannen binne út it sicht,
it oanrjocht lang ferlitten,
de rêch is krom, de holle licht,
mar dêrom sil sy it net litte…
troch de delstap slyt de eigen wil.

Foar ’t samar kiezen slacht it hert
wat fûler, mar it bêste
komt har nea ta, sy treft it net
en giet faak fuort as alderlêste…
’t is sa dat sy moarn wer komme sil.

* Giuseppe Maria Crespi (1665-1747)
Skilderij ‘De kokkin’

** Jean-Louis Théodore Géricault (1791-1824)
Skilderij ‘De gokferslaafde’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum