fan Rob Scholte*
De skilder sjocht de werklikheid
en set dy op it doek,
sjedêr in âld gebrûk:
de aap dy’t soks wol leit.
Hy stiet yn syn ûntwikkeling
wat leger as de man,
hy apet nei, mar dan
komt der fernuvering.
Ynienen stiet er foar ’t paniel
mei yn de hân ’t palet,
hy hat de streken set
en oan de skiednis diel.
Earst sketst er rap de man
en streekrjocht foar de raap:
ûntwikkeling ta aap,
dat komt der ienkear fan.
De sketser sjocht syn werklikheid
en set dy op ’t paniel,
komt ta in oar gehiel,
wat him gâns better leit.
* Rob Scholte (1958-…)
is in master yn it ynterpretearjen
fan de werklikheid en jout der
faak in eigen betsjutting oan.
Skilderij ‘On the Origin of Species’ |